Restanten mûne ferlern gien

© Omrop Fryslân
By wurk op it eardere Volharding-terrein yn Balk binne nei alle gedachten tige weardefolle histoaryske restanten ferlern gien. It giet om it fundamint fan in âlde mûne. It fuortgraven is al oardel moanne lyn bard mar kaam pas dizze wike nei bûten.
Ien amateur-argeolooch hat ncoh wat foto's meitsje kinnen, mar fierder is der sa goed as neat mear fan oer. Op de foto's binne noch grutte stikken bakstien te sjen en in oerbliuwsel fan in grutte beam.