Ketellapper wint yn Diever

19 jul 2009 - 11:29

Hurdrinner Martin Ketellapper út Ljouwert hat sneon de maraton fan Diever wûn. Ketellapper die oer de 42 kilometer en 195 meter twa oeren, 48 minuten en 43 sekonden. Hy wie dêrmei rom tsien minuten flugger as de nûmer twa, Eelco Hoogeveen út Blije.

As tredde kaam de Nijmegenaar Rogier van Gompel oer de einstreek yn Diever. Hy die hast alve minuten langer oer de tocht. Dêr diene 77 hurdrinners oan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)