Grou wint earste SKS-wedstriid

18 jul 2009 - 16:20

Grou is sneon op eigen wetter winner wurden fan de earste wedstriid fan it SKS Skûtsjesilen. Douwe Visser wist de skûtsjes fan Snits en De Lemmer, dy't as twadde en tredde einigen, foar te bliuwen.

It Hearrenfean ferliet it wedstriidwetter nei averij, feroarsake yn in duel mei De Jouwer. De Jouwer lei in grut diel fan de wedstriid op kop, mar einige úteinlik yn 'e middenmoat. De Súdwesthoeke fan Starum sloech om en kaam net oer de finish.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)