Ferfelende Dokkumers oppakt

18 jul 2009 - 14:18

Yn in hoarekasaak oan de Keppelstrjitte yn Dokkum hat de plysje yn de nacht fan freed op sneon fjouwer man oppakt foar iepenlike geweldpleging. De eigner hie de fjouwer Dokkumers fan 21, 24 en 26 jier de doar útset omdat se ferfelend wiene.

De rúzje gie fierder op strjitte, wêrby't in meiwurker fan de saak bedrige waard. De plysje brûkte pepperspray om twa fertochten yn betwang te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)