FNV: 'FLT fallyt ferklearje'

Transportbedriuw FLT yn Twizel moat sa gau mooglik fallyt ferklearre wurde. Dat wol it fakbûn FNV Bondgenoten en tal fan sjauffeurs dy't noch lean tegoede ha.
Op in gearkomste sneontemoarn op It Hearrenfean waard dúdlik dat de sjauffeurs mei inoar noch wachtsje op 120.000 euro efterstallich lean. Undernimmer Jouke Brander fan Burgum is foar in part eigner fan FLT. It fakbûn sil der alles oan dwaan om him út de transportsektor te bannen.