Swimferbod Lytse Jerden

© Omrop Fryslân
Der mei net swommen wurde by it swimplak oan de Lytse Jerden yn de Sleattemermar. Yn in meunster is in gefaarlik soad termbakteryën fûn. De gemeente warskôget mei buorden dat minsken net it wetter yngean moatte en hat rekreaasje-ûndernimmers ynljochte.
Nei alle gedachten hat de besmetting fan it wetter te krijen mei it rioeloerstoart tichtby it strantsje. Troch de swiere buien fan de lêste tiid soe der rioelwetter yn de mar telâne kaam wêze.