Dingsdag mist Cruijff-skaal

Michael Dingsdag (foto: Martin de Jong)
SC Hearrenfean kin nije wike sneon net beskikke oer Michael Dingsdag. De sintrale ferdigener hat syn tean brutsen en is sa'n twa oant trije wike útskeakele. Hearrenfean spilet nije wike as bekerwinner tsjin lânskampioen AZ. Se stride dan yn de Amsterdam Arena om de Johan Cruijff-skaal.
Ek Geert Arend Roorda docht net mei oan de wedstryd. De middenfjilder hat opnij lêst fan syn knibbel en moat twa wike rêst nimme.