Brêge Burgumerdaam ticht

© Omrop Fryslân
Autoferkear kin sûnt freedtejûn sân oere net oer de brêge Burgumerdaam by Burgum. De brêge is ôfsletten omdat it houten dek ferfong wurde moat. Dat wurk duorret oant moandei 27 july. Autoferkear moat yn dy perioade omride oer Koatstertille. De brêge kin ek net betsjinne wurde foar de skipfeart.
Fytsers en kuierders kinne noch wol gebrûk meitsje fan de brêge. Der is foar de twadde helte fan july keazen omdat der dan troch de boufak minder ferkear oer de brêge hoecht.