'Medalje nei It Houtsje'

© Omrop Fryslân
Mocht kafee It Houtsje op it Hearrenfean nei de brân fan tongersdei wer opboud wurde dan skinkt reedrider Jan Ykema syn Olympyske medalje oan it kafee. Ykema is befreone mei de eksploitant fan It Houtsje en hat ek goeie herinnerings oan it kafee. Dat waard faak brûkt as trefpunt foar reedriders.
Fan Ykema hong it Olympysk diploma yn it kafee. Dat gie lykwols, mei in soad oantinkens fan oare sporters, ferlern by de brân.