'Brân is grut drama'

17 jul 2009 - 16:49

Utbater Thom Mulder neamt it ferlies fan syn kafee op It Hearrenfean in grut drama. Kafee It Houtsje baarnde tongersdei folslein ôf, nei't op de boppeferdjipping fjoer ûntstien wie.

Mulder hie it kafee al jierren. It wie foaral bekend by reedriders en supporters. Mulder sammele allegear guod dat mei it reedriden te krijen hat. Pakken, redens, houtsjes, foto's, posters, alles is er kwyt. Mulder wie mei fakânsje, doe't er belle waard oer de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)