Sintrum yn Lauwerseach

Yn Lauwerseach is in rekreaasjesintrum kommen. It sit yn it âld garnalefabryk fan Heiploeg. Dat stie al tsien jier leech. It sintrum moat de toerist nei Lauwerseach helje. Der sil in ferskaat oan aktiviteiten organisearre wurde
De inisjatyfnimmers wolle besykje de tûzenen minsken dy't mei de boat nei Skiermûntseach geane, mear by Lauwerseach te belûken. It sintrum is foarearst allinne yn july, augustus en septimber iepen.