AZC yn Dokkum langer iepen

It AZC yn Dokkum bliuwt twa moanne langer iepen
It asylsikerssintrum yn Dokkum bliuwt twa moanne langer iepen. De doarren slute no op 1 oktober. It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers (COA) hat in tekoart oan opfangplakken en frege de gemeente Dongeradiel om it hierkontrakt te ferlingen.
Om't it AZC dizze simmer al ticht gean soe, is de basisskoalle op it terrein al ticht. Foar it ûnderwiis moat it COA dêrom in oare oplossing sykje.