Skilderwurk oarsaak brân

17 jul 2009 - 10:16

De brân yn kafee It Houtsje op It Hearrenfean is ûntstien by it fervjen op de earste ferdjipping. De frou dy't boppe it kafee wenne en by de brân ferwûne rekke is, hat dat oan de plysje ferteld.

Se wie mei in fervespuitbus oan de gong, mar dy wurke net goed. Doe bruts der brân út. Se hat besocht it fjoer út te krijen, mar dat slagge net. Se koe har sels mar krekt yn feilichheid bringe. Se rekke dêrby ferwûne oan de skonken om't se troch it fjoer moast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)