Festiviteiten ôflast om brân

De brân lit in ravaazje achter. Foto: Dennis Stoelwinder
In tal festiviteiten dy't foar de kommende wiken pland stiene op de Oude Koemarkt op It Hearrenfean giet net troch. De hoareka-ûndernimmers hawwe dat besletten nei oanlieding fan de grutte brân fan tongersdei. Dêrby gongen twa kafees folslein ferlern. In pizzeria dêrneist rûn in soad skea op.
De plysje docht noch ûndersyk nei hoe't de brân ûntstean koe. De boargemaster wol sa gau as mooglik mei de troffen partijen om tafel om it gat yn de Oude Koemarkt op te foljen.