Poiesz pakt gifspoaren oan

Poiesz wol minder gif op griente en fruit
Supermerkketen Poiesz wol ekstra maatregels nimme om fergif op griente en fruit foar te kommen. Der komt in petear mei de taleveransiers.
Ut ûndersyk fan Milieudefensie en de stifting Natuur en Milieu hat bliken dien dat der folle mear fergif op de produkten sitte as tocht waard. De Jan Linders, de Plus-supermerk en de Troefmarkt skoare it minste, mar fuort dêrnei komt Poiesz. De stoffen dy't oantroffen binne, binne net gefaarlik foar de sûnens.