Harry Pottertrein yn Snits

De Zweinstein Express
Harry Potterfans kinne yn it modelspoarmuseum yn Snits in replika fan de Zweinstein Express sjen. Dat is de trein dêr't de tsjoenderslearling út de boeken fan J.K. Rowling altiten mei nei skoalle reizget. Yn it museum is in spesjale Harry Potterbaan oanlein.
Yn ferbân mei de nijste Potterfilm is der noch in spesjale aksje. Besikers fan de film kinne mei koarting nei it museum. De aksje jildt salang as de film draait yn de Snitser bioskoop.