Flylanner foksen krije kûgel

Ien fan de foksen op Flylân. Byld: Kees Mostert
De foksen op Flylân wurde deasketten. Dat hat Steatsboskbehear besletten, nei oerlis mei de plysje, de gemeente en de wyldbehearienheid. De foksen hearre fan oarsprong net op it eilân thús. Se binne der nei alle gedachten hinne brocht. Se ferniele fûgelnêsten en frette de aaien op.
It hat gjin doel om se libjend te fangen, want it is ferbean om se dan ergens oars wer út te setten. De wyldbehearienheid fan Flylân begjint sa gau as mooglik mei de jacht.