Boargemaster De Jonge skrokken

16 jul 2009 - 16:28

Boargemaster De_Jonge fan It Hearrenfean is skrokken fan de grutte brân fan tongersdei yn it sintrum. Hy koe de brân sels út it gemeentehûs wei sjen. Kafee It_Houtsje is hielendal ferlern gongen.

It njonkenlizzende kafee Bleeker is ek hielendal útbaarnd. It is al de sande brân yn it sintrum yn goed fiif jier tiid. Neffens boargemaster De_Jonge giet it om tafal. In ferbân tusken de brannen is der net. It risiko op brân is grutter by sokke âlde gebouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)