Soargen oer lege molkpriis

16 jul 2009 - 14:34

Friesland Campina makket him grutte soargen oer de lege molkprizen en is benaud foar de gefolgen dy't dat hawwe kin foar leden. Dochs is it bedriuw net fan doel sels mei direkte maatregels te kommen.

Dat skriuwt Friesland Campina op 'e webside. Neffens de direksje hat de lege molkpriis fan no te krijen mei de minne situaasje op de suvelmerk. Maatregels fan Friesland Campina soene dêr neat oan feroarje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)