Hearrenfean ferliest mei 4-0

16 jul 2009 - 11:03

SC_Hearrenfean hat woansdei in oefenwedstryd tsjin it Belgyske Sint Truiden mei 4-0 ferlern. Hearrenfean spile yn de earste helte better as de tsjinstanner, mar kaam dochs op achterstân.

Nei it skoft wiene de Belgen sterker en skoarden se noch trije kear. It lêste doelpunt kaam út in strafskop. Hearrenfean spilet no sneon noch in wedstryd yn België. Dan is de tsjinstanner KV_Mechelen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)