Fernielers oanholden op Flylân

16 jul 2009 - 10:14

De plysje hat woansdeitejûn op Flylân trije minsken oanholden, omdat se in stek fernielden. In tsjûge seach de trije manlju dat dwaan en belle 112. Plysjes seagen dêrnei sels ek dat ien fan de manlju in houten balke stikken sloech en holden de trije oan.

It giet om trije manlju út Oosterbeek en Grins, fan tusken de 17 en 21 jier âld. Se joegen ta dat se it stek fernield hiene en mochten nei ferhoar wer fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)