Nammen grêfskeiners bekend

16 jul 2009 - 10:04

De plysje hat op it stuit trije nammen fan jonges dy't mooglik ferantwurdlik binne foar de fernieling fan grêven yn Wolvegea. De plysje ropt dizze minsken op har sa gau mooglik te melden. Oars wurde se oppakt op in momint at it har min útkomt, flak foar de fakânsje, sa seit de plysje.

Yn de nacht fan freed op sneon waarden mear as tweintich grêven fernield op it algemiene begraafplak yn it doarp. it giet benammen om âlde grêven, ien is fan in resinte datum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)