Jonge metaalwurkers socht

16 jul 2009 - 09:36

It metaalbedriuw Wadro yn Drachten, Koatstertille en Droegeham grypt de finansjele krisis oan om ekstra jonge meiwurkers te wervjen. It bedriuw makket in heal miljoen euro frij om fyftjin jongeren op te lieden ta spesjalisten yn de metaal.

Wadro makket stielen wapeningskonstruksjes foar de bou. In noch op te rjochtsjen opliedingsbedriuw foar de metaalsektor sil de eigners stypje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)