Cambuur net tsjin Maccabi

15 jul 2009 - 22:09

Nei Panathinaikos en it Turkse Kayserispor giet no ek de oefenwedstriid fan Cambuur tsjin Maccabi Tel_Aviv net troch. De Israelyske ploech is op trainingskamp yn Nederlân en de Ljouwerters hiene al oerienstimming berikt oer de oefenwedstriid dy´t op it trainingskompleks "de Hertgang" spile wurde soe .

De wedstriid giet net troch omdat Maccabi Tel Aviv yn it Brabânske Mierlo sit en net sa fier reizgje wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)