Joostema sterkste yn M'gea

© Omrop Fryslân
Maaike_Joostema, Imke_van_der_Leest en Fenna_Zeinstra hawwe woansdei yn Minnertsgea de frije formaasjepartij foar froulju op har namme skreaun. Yn in iensidige finale wie dit trio mei 5-1 en 6-0 folle sterker as Afke_Kuipers, Ingrid_de_Haan en Bianca_van_der_Veen.
It wie de fjirde oerwinning foar de formaasje Joostema dit seiszoen. De lytse preemje wie foar Maaike_Wind, Gerieke_de_Groot en Afke_Hylkema.