Ekstra spuitauto om brêge

De brânwacht fan Burgum docht alle war om op tiid by in brân te kommen no't de brêge oer it PM-kanaal by Burgum 10 dagen ticht is. De brêge is fan freed ôf ticht foar ûnderhâld. Om dochs rap by in brân yn bygelyks Garyp te kommen stiet der oan de oare kant fan de brêge tydlik in ekstra brânwachtauto klear.
By in brân wurde brânwachtminsken de brêge opriden mei in buske. Dêrnei moatte se rinnend de brêge oerstekke om by de oare spuitauto te kommen.