Priis foar saksofoanist Postma

15 jul 2009 - 17:20

Saksofoaniste Tineke_Postma fan It Hearrefean hat tiisdei in saneamde revelaasjepriis priis wûn op it Frânske jazzfestival Jazz à Juan. Se mocht dêrneist ek de publykspriis mei nei hûs ta nimme. De Feanster is no automatysk útnoege om kommend jier wer op it festival te spyljen.

Tineke_Postma spilet moderne jazz en hat ûndertusken al fjouwer CD´s útbrocht. Ofrûne sneon stie se noch op it North Sea Jazz festival yn Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)