Belvédère leveret kwaliteit

40ste kwaliteitskeurmerk yn Fryslân
Museum Belvédère op It Fean hat as 40e Fryske museum it kwaliteitskeurmerk krigen fan de lanlike museumferiening. Mei it kwaliteitskeurmerk kin in museum sjen litte dat it oan alle basiseasken foldocht.
Sa is de behanneling fan skinkingen goed op oarder en wurde der goeie útstallingen makke. Ek de ûntfangst fan besikers is goed. In museum mei sa'n keurmerk kin wat makkeliker subsydzje krije fan bygelyks de provinsje.