Hôf yn Ljouwert moat net fuort

15 jul 2009 - 15:29

It gerjochtshôf yn Ljouwert ferdwynt net as it oan de Raad voor de Rechtspraak leit. Dy Ried hat syn advys oan minister Hirsch Ballin fan Justysje oer de nije nasjonale yndieling fan gerjochtshôven oan de Twadde Keamer stjoerd.

It gerjochtshôf drige te ferdwinen nei Swolle ta, mar dat moat perfoarst net, fynt de Raad voor de Rechtspraak. Earder joegen de presidinten fan alle gerjochtshôven al oan dat it hôf yn Ljouwert bliuwe moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)