El Khalifi nei Real Salt Lake

15 jul 2009 - 10:37

Fuotballer Rachid el Khalifi ferhuzet dochs nei de Amerikaanske klup Real Salt Lake. Yn in earder stadium koene de oanfaller en de klup it net iens wurde. El Khalifi spile de ôfrûne twa jier foar SC Cambuur, mar dêr waard syn kontrakt net ferlinge. Real Salt Lake komt út yn de Major League Soccer, de Amerikaanske earedivyzje.

EL Khalifi tekenet in kontrakt foar 1,5 jier. De oanfaller prate ek mei Fortuna Sittard, Top Oss, Eindhoven, Telstar en Dordrecht mar dat waard neat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)