Guod bestimd foar finzenis

© Omrop Fryslân
Twa mannen út Zeist en Utrecht dy't earder fan 'e wike oanhâlden binne fanwege it besit fan in stroomstjitwapen, wiene fan plan guod de finzenis fan Feanhuzen yn te smokkeljen foar in famyljelid.
De plysjes hiene by kontrôle fan de mannen har auto in adres yn Waskemar op it navigaasjesysteem fûn. Op dat adres stie in frachtauto mei dêrûnder drank en in mobile tillefoan fêstplakt. De frachtauto hie as bestimming de finzenis yn Feanhuzen.