Knokkerij op Skylge

15 jul 2009 - 10:11

Yn de Torenstrjitte yn West-Skylge hat ôfrûne nacht in fjochtpartij west tusken twa groepen jongeren. Dêrby is slein mei izeren staven, in ploertedeader en boksbeugels. Twa jonges út Heeten rekken dêrby ferwûne. Se binne troch ambulânsepersoniel behannele.

Nei de fjochtpartij naaiden de dieders út. De plysje hat noch om se socht, mar koe se net mear fine. Der wurdt noch fierder ûndersyk dien nei de fjochtpartij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)