Trije ferwûnen by oanriding

15 jul 2009 - 09:59

By in oanriding tusken twa auto´s op de A7 by de ôfslach De Haven by Drachten binne woansdeitemoarn trije minsken ferwûne rekke. In 30-jierrige man út Sint_Nyk stie neffens tsjûgen mei syn auto stil op de rjochter baan. In auto mei in 57-jierrige man út Woltersum en in 29-jierrige Veendammer seagen dat te let en botsten der op.

De trije slachtoffers binne nei it sikehûs yn Drachten brocht. De A7 tusken Grins en Hearrenfean wie by Drachten hast trije oeren ôfsluten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)