Studinten wike thús om gryp

14 jul 2009 - 20:14

Studinten fan de Stendenhegeskoalle dy't yn in lân west hawwe dêr't in soad Meksikaanske gryp hearsket, moatte in wike thúsbliuwe foardat se wer nei kolleezje geane. Mei dy maatregel moat in útbraak fan de gryp op de skoalle foarkaam wurde.

Op in aparte webside jout Stenden advys oan ynternasjonale studinten. Stenden hat in soad studinten yn it bûtelân. Se sitte ûnder oare yn Katar, Yndonesië, Súd-Afrika en Tailân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)