Djuric ûnderweis nei Fryslân

14 jul 2009 - 17:40

Ferdigener Igor_Djuric kin oan de slach by Sportclub_Hearrenfean. De Serviër tekene ein juny in fjouwerjierrich kontrakt by de club, mar wachte noch op de nedige papieren. Dy hat er tiisdei krigen fan de Nederlânske ambassade yn Belgrado.

Doel is dat Djuric woansdeitemoarn oankomt yn Nederlân. Hy reizget dan fuort troch nei België, dêr´t de Hearrenfeanspilers op trainingskamp binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)