Undersyk wetter Potmarge

14 jul 2009 - 16:53

Wetterskip_Fryslân docht ûndersyk nei de kwaliteit fan it wetter by it boartersplak oan de Potmarge yn Ljouwert. Twa wike lyn krigen skoalbern jokte neidat se yn it wetter boarte hiene. Dy jokte ferdwûn neidat de bern ûnder de dûs west hiene.

De gemeente hat nei it ynsidint it wetterskip opdracht jûn it wetter te ûndersykjen. De útslach dêrfan is noch net bekend. Oant dy tiid kin der gjin gebrûk makke wurde fan it boartersplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)