Tefolle leven yn Blokhúspoarte

14 jul 2009 - 14:46

De behearder fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert hat in warskôging krigen fan de gemeente. Ut in mjitting fan in moanne ferlyn die bliken dat der tefolle leven by de âld finzenis weikomt. Op it stuit fan de mjitting wie der in evenemint mei dj's yn de Blokhúspoarte.

Yn it kultuersintrum wurde hieltyd faker aktiviteiten hâlden. Ynkoarten sil behearder Carex mei de gemeente om 'e tafel oer de lûdskwestje. Nei de fakânsje is der in klassyk konsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)