Noch gjin oefenplak popbands

© Omrop Fryslân
Foar de goed 20 bands dy't op 't heden yn de Popkelder yn Snits repetearje is noch gjin nij oefenplak. B en W hawwe tiisdeitemoarn oer de saak oerlis hân, mar in nije lokaasje foar de bands om te oefenjen is noch net fûn.
De Popkelder, yn de wettertoer fan Snits, wurdt sloopt fanwege de nijbou fan apparteminten. De bands kinne dêr net bliuwe en de nije oefenlokaasje, ûnder de Geaubrêge, is noch net beskikber. Woansdei wurdt der oer de saak fierder praat.