Gjin fraude by Snits Wyt-Swart

© Omrop Fryslân
Fuotbalklup Snits_Wyt_Swart is ien fan de acht haadklassers dêr't de ôfrûne jierren gjin belestingfraude pleecht is. Harkemase_Boys en ONS_Snits krigen twa jier lyn al in neiheffing fan de belestingtsjinst. De Boys moasten 6000 euro betelje, ONS Snits 58.000 euro.
Yn totaal is der yn de ôfrûne 5 jier foar 6,5 miljoen euro oan fraude pleecht troch klups út de haadklassen. Fan Sportklup De Jouwer binne noch gjin gegevens bekend.