3 Friezinnen yn toulûkploech

14 jul 2009 - 11:09

Trije Friezinnen, Aaltsje_Nieuwland út Jobbegea, Maaike_Hornstra út Jellum en Grytsje_Stoker út Wurdum, reizgje tiisdei mei de Nederlânske toulûkploech nei Taiwan. Yn Kaohsiung dogge se mei oan de World Games, de alternative Olympyske Spullen.

De Nederlânske ploech bestiet út acht froulju. Yn Taiwan nimme se it op tsjin fiif oare lannen. De grutte favoryt is Taiwan. Yn 2005 helle it Nederlânske frouljusteam op itselde evenemint brûns.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)