250 ideeën foar miljeuplan

© Omrop Fryslân
De gemeente Eaststellingwerf hat sa'n 250 ideeën fan ynwenners krigen foar it nije miljeubeliedsplan. De ideeën gean ûnder oare oer it pleatsen fan mear ôffalbakken, minder strjitferljochting en it skieden ynsammeljen fan plastic.
De ynwenners binne op ferskate eveneminten om har ynbring frege, lykas de moledei yn Makkingea, de Avondvierdaagse yn Appelskea en popfestival Joppop yn Easterwâlde.