Bon foar ride oer flechtstripe

14 jul 2009 - 10:08

De plysje hat it ôfrûne wykein op de grutte dyk by Fryske Peallen 21 bekeuringen útdield. Der waard dêr kontrolearre op autobestjoerders dy't oer de flechtstripe rieden.

Op dit stuit wurdt dêr oan de dyk wurke en der steane geregeld files. Guon autobestjoerders omsile dy file troch oer de flechtstripe te riden, mar dat mei net. Sneon diene 21 minsken dat. Se hawwe allegear in bon krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)