Fabriek tredde yn Marmande

Dirk Fabriek (foto Martin de Jong)
Dirk Fabriek is tiisdei yn Marmande as tredde einige by de twadde searjewedstriid fan it WK langbaan. De koereur fan Jobbegea einige achter de Dútser Gerd Riss en de Frânsman Sébastien Tresarrieu.
De wedstriid yn Súd-Frankryk waard fanwege it minne waar foar de heale finale staakt. Der lei doe safolle wetter op 'e baan, dat der net mear riden wurde koe. It WK langbaan giet oer seis wedstriden. Fabriek stiet nei 2 wedstriden twadde yn it klassemint.