Pimels stellen út museumtún

Dizze pimel is net meinommen
Ut de Martenatún yn Frjentsjer binne sân giele keramieken pimels stellen. De pimels binne ûnderdiel fan in tentoanstelling 'tuin der lusten'. Mei elkoar steane sa'n 40 pimels yn allegeare kleuren, soarten en maten yn de tún. Neist de sân dy't fermist wurde, wiene der ek in soad út de grûn helle.
Neffens Keunstner Bob Brenkman in bewuste aksje fan tsjinstanners fan de tentoanstelling.