'Grêffernielers gau oanhâlde'

13 jul 2009 - 16:28

De plysje ferwachtet op koarte termyn de fernieler fan 'e grêven yn Wolvegea oan te hâlden. Op it Algemien Begraafplak yn Wolvegea binne ôfrûne wykein tritich grêven stikken makke. By de neibesteanden hat dat emoasjes losmakke. In soad famyljeleden kamen moandei om te sjen hoe't it grêf fan har neisten derby leit.

Omt it bot reind hat, binne de spoaren hast net mear te finen. De plysje ropt dêrom de help yn fan Wolvegeasters by it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)