Mear seehûnegûlers ferwachte

De seehûnekres yn Pieterburen (Grinslân) ferwachtet de kommende dagen ferskate gûlers binnen te krijen. Dat binne jonge seehûnen dy't noch by de mem drinke.
Troch it minne waar fan ferline wike binne in soad seehûntsjes de mem kwytrekke, tinke meiwurker fan 'e seehûnekres. De opfangynstelling docht in oprop oan minsken op 'e Waadeilannen om út te sjen nei de jonge seehûnen. Der sitte op 't heden sechstich seehûnen yn Pieterburen.