Skarsterlân ek duorsum

13 jul 2009 - 12:19

De gemeente Skarsterlân wol oer seis jier al har ynkeapen duorsum dwaan. Dêrta is in dielnameferklearring ûndertekene. By duorsum ynkeapjen wurdt sjoen enerzjyferbrûk en miljeubelesting, mar ek sosjale aspekten wurdt rekken mei hâlden. Sa moat der foar de produkten in earlike priis betelle wurde en mei der gjin sprake fan berne-arbeid wêze.

It Ryk wol dat alle gemeenten yn 2015 folslein duorsum ynkeapje. Skarsterlân is net de earste gemeente yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)