Westra docht mei oan Profronde

Lieuwe Westra
De Profronde fan Surhústerfean hat de earste hurdfytser kontraktearre. Lieuwe Westra fan Mûnein sil oan 'e start ferskine by de 28e edysje op tiisdei 4 augustus. De koureur fan Vacansoleil moat de Fryske blikfanger fan de ronde wurde, no't Pieter Weening nei alle gedachten ôfsizze moat. Hy moat foar syn Rabobankploech de Ronde fan Poalen ride.
Lieuwe Westra is dwaande mei syn earste profjier. Hy is dêr hiel súksesfol yn,