Santos op proef by Cambuur

© Omrop Fryslân
De 22-jierrige Jack Santos komt takom wike op proef by sportklup Cambuur. De oanfallende middenfjilder komt út de jeugdoplieding fan Chelsea. Santos hat ek besocht om by Barcelona oan in kontrakt te kommen, mar dat slagge net.
Yn it seizoen 2007-2008 kaam er út foar Benfica B en skoarde er alve doelpunten. Op dit stuit hat Santos gjin ploech.