Schuil en Nummerdor fjirde

Schuil en Nummerdor yn aksje
Beachfoljeballer Richard Schuil fan Ljouwert is mei syn maat Reinder Nummerdor op it grandslam toernoai yn it Switserske Gstaad as fjirde einige. It duo ferlear yn de striid om it tredde plak yn trije sets fan it Spaanske team Pablo Herrera en Adrian Gavira.
Earder op de dei misten Schuil en Nummerdor de finale nei in 2-0 ferlies fan de Dútske wrâldkampioenen Julius Brink en Jonas Rechermann.